Swiere krityk foar deputearre

16 sep 2009 - 17:38
  • Deputearre Adema

De steaten hawwe swiere krityk op it optreden fan deputearre Piet Adema by de fergunningferliening foar de ôffaloven yn Harns. GrienLinks en SP wolle dat Adema opstapt, se hawwe in moasje fan wantrouwen yntsjinne. FNP en VVD geane minder fier mei in moasje fan ôfkeuring.

De moasjes krigen gjin mearderheid. Adema sels hat ekskuses oanbean foar de missers dy't er makke hat: hy erkent dat er ûnhandich optreden hat yn de media.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)