Swierbefochten oerwinning Drachtster sealfuotbalfroulju

24 jan 2015 - 16:29
  • De sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys

De sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys pakten freedtejûn in swierbefochten 3-2 oerwinning op The Counters. Yn Koog aan de Zaan kamen de Drachtster froulju yn de earste helte min út de startblokken. By rêst stie der in 2-0 efterstân foar de Drachtsters op it boerd.

Yn de twadde helte wienen de rollen omdraaid en kaam de ploech fan trainer Jos Alkema troch treffers fan Brenda Bekkema en Sylvia van der Geest op likense hichte. De winnende treffer kaam úteinlik op namme fan Lotte Donath, dy't har team de trije punten besoarge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)