Swier waar foar jeugdherberch

19 jul 2012 - 12:26
  • Grou

It bestjoer fan de Stichting Wetterherbergen Fryslân hat surséânse fan betelling oanfrege. De stichting is eigner fan de jeugdherberch yn Grou en kin it finansjeel net mear bolwurkje. Dat komt omdat der fanwege de krisis minder gasten komme. Dêrneist is der noch de neisleep fan de nijbou fan de jeugdherberch yn Snits, dy't earder ek ûnder de stichting foel.

Dy nijbou foel djoerder út en drukt, ek nei de ferkeap oan StayOkay, op de eksploitaasje fan de stichting. Neffens it bestjoer is der wol in kandidaat dy't de herberch oernimme wol.

De kurator sil dêr úteinlik in beslút oer nimme moatte. De herberch yn Grou is foarearst wol gewoan iepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)