Swier ferwûnen by auto-ûngemak

22 maaie 2002 - 00:00

Twa Snitsers binne tiisdei swier fer- wûne rekke by in auto-ûngemak yn Nijlân. De 21-jierrige bestjoerder naam op de Trije Diken de binnenbocht. Doe't fan de oare kant in trekker kaam, skeat er nei rjochts, kaam mei de tsjillen yn de berm en knalde tsjin in beam.

De brânwacht helle beide ynsittenden út de auto. De tastân fan de bestjoerder is krityk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)