Swier ferwûne by ûngelok

13 nov 2004 - 15:54

In ynwenner fan Ousterhaule is freedtejûn swier ferwûne rekke by in ûngelok. Dat barde op de Skoatterlânsewei by Hoarnstersweach.

De 41-jierrige man fleach troch ûnbekende oarsaak mei syn auto tsjin in lampepeal. Hy waard dêrtroch út 'e auto slingere. Helptsjinsten fûnen it slachtoffer inkele tsientallen meters by syn auto wei, de auto sels stie op it fytspaad. De man is oerbrocht nei it akademysk sikehûs yn Grins.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)