Swier ferkear net oer brêge

18 okt 2007 - 13:49

De nije brêge oer de Salverderfeart yn Frjentsjer is net echt geskikt foar swier ferkear. De brêge is dêr lykwols al foar bedoeld. It swiere ferkear rydt him geregeld fêst op de bolle brêge. Fannewike rekke in djiplader mei in djoer jacht yn de problemen.

De gemeente Frjentsjerteradiel hat de brêge oanlein om it swiere ferkear út de wenwiken te krijen. Mar fanwege de problemen giet dat ferkear no wol wer troch dy buerten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)