Swier befochten winst Cambuur

12 aug 2012 - 16:38
  • SC Cambuur

Cambuur hat it earste kompetysjeduel mei 2-1 wûn fan Volendam. Yn it Kras Stadion begongen de Ljouwerters sterk oan de wedstriid. Al nei in minút sette Michiel Hemmen, de nije spits, de 0-1 op it boerd. Dêrnei krige Cambuur folop kânsen op de 2-0, mar de Ljouwerters fersommen it ôf te meitsjen. Mei noch in minút te gean foar it skoft wie it Michiel Kramer dy't Volendam op likense hichte sette.

Pas yn de slotfaze wie it Marco van der Heide dy't mei in fraaie kopbal Cambuur wer op foarsprong sette. Dêrmei binne de earste trije punten in feit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)