SWH kin jild net ferantwurdzje

17 des 2010 - 21:03

De 5 gemeenten yn de Súdwesthoeke ha flak foar de weryndieling 20 miljoen euro útjûn dy't se net ferantwurdzje kinne. De besluten dêroer moatte op lêst fan de provinsje troch de nije gemeenteried op 'e nij dien wurde. It giet ûnder oare om wurk oan de dyk.

De gemeenteried fan Nijefurd joech fiif miljoen euro út, wylst dy eins neat yn kas hie. De provinsje hat de fiif gemeenten earder ek alris op de fingers tikke. Dy seine doe dat se alle útjeften ferantwurdzje koene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)