SWF noch altyd tsjin wynmûnen

20 feb 2014 - 23:21
  • Wynmûne

De gemeente Súdwest-Fryslân sprekt him opnij út tsjin in grut wynmûnepark op de Iselmar. Dat die tongersdei bliken op in ekstra riedsgearkomste. De provinsje Fryslân moat de kommende jierren folle mear griene enerzjy opwekke en dêrfoar soe ûnder oaren in grut wynmûnepark op de Iselmar komme moatte. De gemeente Súdwest-Fryslân is hjir poer op tsjin, mar hat net it foech om hjir in beslút oer te nimmen.

Ferskate partijen yn Súdwest-Fryslân fine dêrom dat de gemeente foar it blok setten wurdt.

De gemeente Súdwest-Fryslân jout dêrom in dúdlik sinjaal ôf nei de provinsje. Se fine dat der gjin park yn de Iselmar komme moat en dat ús provinsje net mear as 530 megawatt foar syn rekken nimme moat. Boppedat fynt de gemeente dat der net allinnich yn Súdwest-Fryslân, mar ek op oare plakken wynmûnen komme moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)