SWF nimt ôfskie fan klompke

06 nov 2012 - 20:32

It gemeentebestjoer fan Súdwest-Fryslân wol fan it brêgejild ôf dat ophelle wurdt yn klompkes. It kolleezje fynt de klompkes net gastfrij oerkommen en it smyt te min op. Jierliks wurdt der 160.000 euro ophelle by 24 brêgen. Dat bedrach wurdt kompenseard troch it lisjild foar boaten yn de hiele gemeente te ferheegjen. De rie moat noch oer it plan te set. It kolleezje fynt wol dat it klompke oars brûkt wurde kin. De brêgewipper soe yn it klompke bygelyks toeristyske ynformaasje útdiele kinne oan boatsjefarders.

De wettersportbranche is tefreden oer it ôfskaffen fan it klompkejild. Foarsitter Jan Ybema fan de Hiswa Fryslân ferwachtet mear toeristen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)