SWF: mear toeristen nei Drylts

04 mrt 2014 - 20:27
  • Gemeente Súdwest-Fryslân

De gemeente Súdwest-Fryslân wol dat der mear boatsjesminsken nei Drylts takomme. De gemeente wol dêrom graach in stik grûn njonken houtseachmoune De Rat hawwe. Dêr moatte dan oanlisplakken foar boatsjes komme.

De grûn is lykwols yn hannen fan Piet ten Woude út Drylts. Hy wol graach in pleats oernimme oan de Sudergowei. Dat gebiet is no noch yn hannen fan Súdwest-Fryslân. Beide partijen ûndersykje no oft der in ruil mooglik is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)