SWF: mear romte doarpshuzen

31 jan 2014 - 07:41
  • Gemeente Súdwest-Fryslân

Doarpshuzen, sportkantines en wyksintra yn Súdwest-Fryslân krije dochs mear romte foar hoareka-aktiviteiten. Dat hat de gemeenteried tongersdeitejûn besletten. It kolleezje woe de aktiviteiten bot beheine om't der oars sprake wêze soe fan ûnearlike konkurrinsje mei kafees en diskoteken.

Sa soene der mar 12 kear yn it jier feesten hâlden wurde meie. De gemeenteried hat no besletten dat dat yn alle gefallen 16 wurde moat. Boppedat wurdt der yn desimber nochris nei de hiele regeling foar de saneamde parakommersy sjoen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)