SWF lulk om plan wynmûnepark

29 jan 2014 - 14:12
  • Wynturbinepark op see

De gemeente Súdwest-Fryslân is lulk op de provinsje. Dy wol mooglik foar 49 prosint dielnimme yn in wynpark op de Iselmar, goed 6 kilometer út de kust by Makkum. En dat wylst de gemeente sels gjin foarstanner is fan wynenerzjy op de Iselmar.

CDA en PvdA yn de gemeenteried fiele har beledige troch de provinsje. As de komst fan it wynpark by Makkum trochgiet dan soene der 65 oant 100 wynmûnen komme dy't mooglik 400 megawatt opwekke kinne. Deputearre Hans Konst befestiget dat de provinsje dielname yn it wynpark ûndersiket.

Mei de komst fan it wynpark op de Iselmar soenen wynmûnen op it fêste lân opromme wurde kinne, lit Konst witte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)