SWF krijt ien lokale omrop

07 des 2011 - 16:52
  • Radio Markant yn earder tiden

Súdwest-Fryslân krijt dochs ien lokale omrop. De twa besteande omroppen Radio Markant en SWFLokaal binne dat oerienkaam. It nije bestjoer docht de kommende wiken in oanfraach foar in fergunning by it Commissariaat van de Media. De beide omroppen moatte mei in programmearing komme sadat de nije omrop op 1 jannewaris útstjoere kin. Radio Markant en SWFLokaal binne har fergunning kwyt en kinne takom jier net mear útstjoere. Oer de namme en de programma's is noch neat bekend. Dat moat noch regele wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)