SWF krijt boargerpanel

16 aug 2011 - 19:24

De gemeente Súdwest-Fryslân hat oant no ta 150 oanmeldings binnen krigen foar it boargerpanel. Mei dat panel kin de gemeente gau achterhelje wat der libbet ûnder de minsken.

Dielnimmers kinne har miening jaan oer saken as ûnderwiis, grienûnderhâld en nije gemeentlike plannen. Súdwest-Fryslân siket sûnt april minsken foar it boargerpanel. Dizze hjerst kinne de dielnimmers de earste enkête ferwachtsje. Minsken kinne har noch altiten oanmelde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)