SWF hâldt hoop op wynturbinepark by Ofslútdyk del

28 maaie 2015 - 10:32

De gemeente Súdwest-Fryslân hâldt goede hoop dat it grutte wynturbinepark dochs by de Ofslútdyk del komt en net yn de Iselmar by Makkum, lykas minister Henk Kamp wol. Kamp sei woansdei dat er it helberensûndersyk oer it plak fan de wynmûnen fan de gemeente njonken him delleit.

Neffens wethâlder Gea Akkerman is der in grutte lobby opset om de Twadde Keamerleden derfan te oertsjûgjen dat it park by de Ofslútdyk del komme moat. Gemeente, provinsje en ûndernimmers arbeidzje mei-inoar op yn dy saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)