'SWF goed mei staazjeplakken'

12 aug 2014 - 20:46

De gemeente Súdwest-Fryslân is in foarbyld foar de rest fan it lân as it giet om wurkûnderfiningsplakken. Dat sei steatssiktaris Jette Klijnsma tiisdei yn it stêdhûs fan Snits. Súdwest-Fryslân is in jier lyn begûn mei it kreëarjen fan 50 wurkûnderfiningsplakken. Dat binne in soarte fan staazjeplakken fan in healjier foar Friezen dy't dreech oan in baan komme kinne.

Wannear't wurkleazen wurkûnderfining opdogge, is it faak makliker om wurk te finen. Klijnsma hopet dat oare gemeenten yn Nederlân it foarbyld fan Súdwest-Fryslân folgje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)