Súdwest-Fryslân ferjit flagge

08 aug 2013 - 12:06

Súdwest-Fryslân hat der spyt fan dat se woansdei fergetten hawwe de flagge op de Martinitsjerke yn Snits út te stekken. Op Hurdsyldei wapperet altyd de Snitser flagge op de koepel fan de tsjerke. Omdat der gjin dúdlike ôfspraken wiene, is dat fergetten, seit in wurdfierder fan de gemeente. Mei in nij flaggeprotokol moat soks net wer barre.

Sûnt it ûntstean fan de fúzjegemeente Súdwest-Fryslân hawwe se faker mis west mei de flagge. Sa hong by de Heamieldagen ferline jier de Fryske flagge út. Dat moat de Boalserter flagge wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)