SWF ferheget belesting net

27 sep 2013 - 12:40

Ynwenners fan de gemeente Súdwest-Fryslân hoege takom jier net mear belestings te beteljen as no. De gemeente hat foar it tredde jier op rige de belestings op itselde peil hâlden. Omdat Súdwest-Fryslân lykas oare gemeenten minder jild fan it Ryk kriget, moat der wol besunige wurde op ferskate terreinen. Sa sil de gemeente minder subsydzjes jaan en wurde besteande foarsjennings fermindere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)