Sweltsjewand yn Wolvegea

29 nov 2003 - 00:00

In spesjale modderswelwand is iepene op it yndustryterrein by de Schipsloot yn Wolvegea. De wand is dêr kaam troch in gearwurking tusken de gemeente, fûgelwurkgroepen en de provinsje. De gemeente Weststellingwerf fûn it in goed idee om in sweltsjewand oan te lizzen.

De modderswel (oeverzwaluw) stiet nammentlik op de list fan bedrige fûgelsoarten. De sweltsjewand kamûflearret ek hege bedriuwsgebouwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)