Sweltsjes yn neikompetysje

22 maaie 2005 - 12:32

De Ljouwerter Sweltsjes ha de neikompetysje helle. Yn in beslissingsduel tsjin The Knickerbockers út Grins, op it fjild fan de Drachtster Boys, waard it nei in ferlinging 1-1.

Pas yn de ferlinging skoarden de Sweltsjes 1-0. De Grinzer studinten kamen noch wol op 1-1, mar dat wie genôch foar de ploech fan Hans de Jong. Op 28 maaie spilet de Ljouwerter ploech tsjin 't Fean of SGV út Schildwolde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)