Sweltsjes telle yn Esonstêd

23 jul 2013 - 11:45
  • De wytgatswel yn Esonstêd

It liket goed te gean mei de sweltsjes yn Esonstêd. De bruorren Van Dam fan de sweltsjewurkgroep 'De Zwaluw aan de balken' is tiisdei úteinset mei it tellen fan de koloanje wytgatsweltsjes yn it fakânsjedoarp. De earste yndruk is goed. It nijs is yn tsjinstelling mei minne berjochten út de rest fan Fryslân oer ferlitten nêsten mei de jongen der noch yn.

De takomst fan de sweltsjes yn Esonstêd is ûnwis. De lieding fan it park is net bliid mei de nêsten dy't tsjin de dakrâne oanboud binne. Se wol de koloanje binnen twa jier fuort hawwe.

De nêsten fan klaai soene it ûnderhâld fan de huzen yn it paad sitte.

Oan 'e fan 'e dei blike yn Esonstêd mei-inoar 266 nêsten teld te wêzen. Dat is folle mear as ferline jier. Doe wiene it 242. By in lytsere koloanje sweltsjes yn De Skâns (Eastmarhorn) binne 44 nêsten teld, fiif mear as ferline jier. Omdat beide koloanjes mei 10 prosint groeid binne, konkludearje de fûgeltellers dat it goed giet mei de sweltsjes oan de râne fan de Lauwersmar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)