Sweltsjes - Friese Boys staakt

20 nov 2005 - 11:51

De fuotbalwedstriid Ljouwerter Sweltsjes - Friese Boys is sneon staakt, neidat in fuotballer fan 'e Sweltsjes ferwûne rekke. It ynsidint die him foar yn 'e tsiende minút fan 'e twadde helte. It giet om in fuotballer fan 'e Sweltsjes. De man soe troch in spiler fan 'e Friese Boys skopt en slein wêze, doe't er al op de grûn lei.

De man moast nei de dokter. De Ljouwerter Sweltsjes stiene op it stuit fan it ynsidint mei 3-1 foar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)