Swelklaai feroarsaket delgong

17 feb 2004 - 00:00

De boaiemdelgong by Grou en oare Fryske plakken wurdt nei alle gedachten feroarsake troch swelklaai en net troch gaswinning. Dat tinkt Peter van der Gaag fan in ûndersyksburo út Rotterdam. De boaiemdelgong hat foar miljoenen euro's huzen beskeadige.

Aksjegroep Willem Beton jout de skuld oan de oalje-yndustry. TNO wiisde earder al op ynfloed fan it wetterpeil by fersakkingen. Swelklaai kin krimpe en útsette sadat de grûn beweecht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)