Swel komt graach yn Esonstêd

13 aug 2012 - 15:11
  • Wytgatsweltsje

It giet goed mei de sweltsjes yn fakânsjepark Esonstêd. Dit jier binne oer de 240 nêsten fan de wytgatsweltsjes teld. De 'huiszwaluwen' briede ûnder oerstekkende dielen fan de fakânsjehuzen. Se binne teld troch Nico van Dam fan in sweltsjewurkgroep.

Yn 2011 waarden al jusjes mear as twahûndert nêsten teld. It jier dêrfoar mear as 160. De koloanje groeit alle jierren mei mear as tweintich prosint. Op oare plakken yn Nederlân giet it stikken minder mei de sweltsjes.

Mooglik dogge se it by de Lauwersmar sa goed, om't dêr genôch fretten, klaai en skjinne lucht is njonken gaadlike huzen om in nêst te bouwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)