Sweering 8e yn Feankoloanjes

05 apr 2014 - 16:44
  • Grutte Omloop fan de Feankoloanjes

Hurdfytser Harry Sweering fan Snits is fan 'e middei achtste wurden by de 27e edysje fan de Grutte Omloop fan de Feankoloanjes. Dêrmei wie er de bêste Fries. De winst yn de twadde wedstriid fan de klupkompetysje gong nei Daan Meijers, dy't earder ek al de bêste wie yn de Ronde fan Grins. Nick van der Meer waard twadde, foar Mitchell Huenders dy't as tredde oer de streek kaam yn de 180 kilometer tellende koers.

De dielnimmers hienen dit jier prachtich maitiidswaar. In hiel ferskil yn fergeliking mei ferline jier, doe't de wedstriid tekene waard troch it minne waar. Snie en hurde wyn soargen der doe foar dat in soad dielnimmers ûnderweis ôfstapten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)