Sweeftrein foar VVD noch net wis

16 mrt 2004 - 00:00

De VVD stiet pal foar in snellere ferbining nei it Noarden mar sprekt him noch net út foar in magneetsweefbaan. Dat wie it boadskip fan fraksjefoarsitter Van Aartsen fan de Twadde-Keamerfraksje moandei op in sprekbeurt yn Snits.

Benammen ûndernimmers sitte neffens Van Aartsen te springen om in bettere ynfrastruktuer en snellere ferbiningen nei Fryslân en Grinslân. Mar hokker ferbining liet er him net oer út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)