Sweeffleantúch lânet yn greide

28 jun 2004 - 10:31

In 16-jierrige piloat is sneontemiddei mei syn sweeffleantúch lâne yn in stik greide by Rottum. De piloat, dy't ôfkomstich wie út Dronten, hie in lâning út foarsoarch makke. Hy makke syn earste '50 km oer lân-trip'.

Om't it in learopdracht wie, mocht er allinnich gebrûk meitsje fan in kaart om syn doel te berikken en net fan GPS. Hy fleach yn de ferkearde rjochting en koe gjin fleanfjild fine. Hy wie eins op wei nei Hoogeveen (Drinte).

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)