Sweedsk jacht oan de grûn

10 maaie 2011 - 07:40

In Sweedsk syljacht is moandeitejûn noardwestlik fan Skiermûntseach oan de grûn rekke. De rêdingsboat Edzard Jacob hat besocht it jacht flot te lûken, mar dat slagge net.

Moandeitenacht waard it by heech wetter op 'e nij besocht. De rêdingsboat Annie Jacoba Visser fan Lauwerseach slagge der doe yn om it jacht los te krijen en nei Lauwerseach te slepen. Oan board wiene in man en in frou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)