Sweedse pinguïns nei Ljouwert

07 mrt 2003 - 00:00

It Dierepark Aqua Zoo Friesland, it eardere Otterpark by Ljouwert, hat freed tolve pinguïns krigen. De bisten komme fan in dieretún yn Súd-Sweden. It personiel fan Aqua Zoo moat in spesjale oplieding folgje om de bisten te fersoargjen.

It dierepark by it Griene Stjergebiet hat sûnt oardel wike ek al fiif pinguïns. Dêr komt de kommende wike noch ien by. Dy komt út Ouwehands Dierenpark yn Rhenen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)