Sweagerfeart lang om let saneard

05 des 2004 - 16:06

De gemeenten Kollumerlân begjint moandeitemoarn mei de sanearing fan de Sweagerfeart yn Kollumersweach. De Sweagerfeart is fersmoarge mei swiere metalen troch in fabryk dy't dêr oant de jierren '70 stien hat.

Oproppen fan pleatslik belang oan de gemeente Kollumerlân om wat oan de feart te dwaan, binne hieltyd negeard. No sil lang om let dochs úteinset wurde mei it baggerwurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)