Sweagerbosker mei pûden wiet

18 aug 2007 - 14:12

In ynwenner (26) fan Sweagerbosk is freedtejûn oanhâlden om't er drugs by him hie. De man rûn mei in blikje bier troch de Skoalstrjitte op 'e Westerein en drukte it blikje doe by in plysje yn de hân. Dêrnei draafde er fuort.

De plysje koe him letter oanhâlde en fûljearde him doe om't se in sterke wietlucht roken. De man hie trije grutte pûden en sân lytse pûdsjes wiet by him. De man is oerbrocht nei it buro, de drugs is yn beslach nommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)