Sweachsters massaal tsjin nijbou

26 jun 2001 - 00:00

87,5% fan 'e ynwenners fan Beetstersweach is tsjin nijbou op de fuotbalfjilden fan it doarp. Dat docht bliken út in enkête fan 'e aksjegroep Flaaksleane dy't besiket de bou fan wenten op it fuotbalfjild foar te kommen.

De Sweachsters fine de fuotbalfjilden in markante iepen romte yn it doarp en wolle dat sa hâlde. B. en w. fan Opsterlân wolle hjir wenten foar âlderein bouwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)