Sweachsters foarrang by huzen

19 aug 2007 - 13:14

De 65 wenten dy't boud wurde yn it Van Lyndenpark yn Beetstersweach binne yn earste ynstânsje bedoeld foar ynwenners fan it doarp sels.

De earste trije moannen dat de huzen ferkocht of ferhierd wurde, geane se nei minsken dy't bûn binne oan it doarp. Dat kinne eigen ynwenners wêze, mar ek minsken dy't ekonomysk of sosjaal bûn binne oan it doarp. De gemeente Opsterlân wol sa soargje foar mear trochstreaming yn de wenningmerk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)