Sweachster 'bêste gasthear'

07 jun 2003 - 00:00

Sommelier Martin Wolvers fan Hotel Lauswolt yn Beetstersweach is de bêste gasthear fan Nederlân. Wolvers waard troch de gasten fan meiinoar 155 restaurants keazen út 166 dielnimmers. De priis is de heechste eare dy't in meiwurker yn 'e betsjinning krije kin.

Foar Lauswolt is de priis in moaie erkenning. It hotel krige earder ek al in Michelinstjer foar de keuken. De priis foar Wolvers bestiet út in trofee en in besite oan in cognac-fabryk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)