Swarte seehûn lit him sjen op it Waad by It Amelân

14 jan 2016 - 14:18

Op it Waad by It Amelân is tiisdei in swarte seehûn sjoen. It bist lei op sânplaat de Blauwe Balg doe't de ynspeksjeploech fan de Waddenunit him seach. Dit is in bysûndere ûntdekking: sûnt de oprjochting fan seehûnekresj Pieterburen yn 1971 is der mar in inkelde kear in swarte seehûn binnenbrocht.

It bist hat melanisme: dit betsjut dat er folle mear melanine oanmakket as in normale seehûn, wêrtroch er swart kleuret. Bemanningslid Bert Meerstra fan de Waddenunit hat hast altyd syn fototastel by him en seach kâns it bist fêst te lizzen.

Neffens him seach it bist der tige sûn út. It bist is fan de wâl ôf allinnich mei in goede fierrekiker te sjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)