Swarte Pyt wolkom yn Fryske filialen Albert Heijn

08 okt 2015 - 15:20
  • Sinteklaas en Swarte Pyt yn de supermerk

De Fryske Albert Heijn-winkels sille 'gewoan' Swarte Piten brûke de kommende moannen. Dat leart in telefoanysk rûntsje by in tal filialen yn ús provinsje.

Memmebedriuw Ahold liet tongersdei witte dat de managers fan de winkels sels witte meie oft se Swarte Piten ynsette wolle op produkten en ferpakkings. Alle Fryske managers sizze dat se dat dwaan sille. Wol jouwe se oan dat de Swarte Pite-diskusje yn stêden yn de Rânestêd in stik dreger leit as yn Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)