Swarte Pyt-protest by yntocht Sint Piter yn Grou

12 feb 2016 - 11:34
  • Sint Piter feilich oankaam yn Grou

Sa'n 40 leden fan de aksjegroep Kick Out Zwarte Piet, komme sneon nei Grou om dêr te demonstrearjen by de oankomst fan Sint Piter en Swarte Pyt. De groep út Rotterdam hat in fergunning oanfrege by de gemeente Ljouwert.

De demonstranten dy't agearje tsjin Swarte Pyt, hawwe in plakje foar har protest tawiisd krigen op de Hellingshaven yn Grou. Dat is net yn de buert fan de bern en dêrom tinkt it Sint Piterkomitee dat de bern hast neat fernimme sille fan de protesten.

Komitee is net bliid

It komitee is net bliid mei de demonstraasje, mar seit dat elkenien it rjocht hat om te demonstrearjen, ek tsjin Swarte Pyt. Neffens it Sint Piterkomitee wol de aksjegroep it Sint Piterfeest net fersteure, mar wol it benammen syn beswier tsjin Swarte Pyt kenber meitsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)