'Swarte Pyt' oerfalt frou

13 jul 2011 - 10:51

In bizarre oerfal tiisdeitejûn let yn de Ljouwerter wyk Camminghabuorren. In frou fan 57 is yn har hûs oan de Gaumastate oerfallen troch in man yn in swarte pitepak. Hy hie in masker op út de horrorfilm Scream. Doe't de frou de doar fan har hûs iepen die foel de man har oan. De frou bite fan har ôf en skopte de man yn it krús.

De man naaide dêrnei út. De syktocht fan de plysje en in burgernetaksje ha neat opsmiten. Mar de frou hat wol in dúdlike beskriuwing fan de man jûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)