Swarte Ingels ferskynt as film Understream yn 2018

14 nov 2015 - 17:39

It kontroversjele boek 'Swarte Ingels' fan Willem Schoorstra wurdt ferfilme. De plannen hjirfoar binne presintearre op it Noordelijk Filmfestival yn Ljouwert. De film giet oer de seksuele relaasje tusken in broer en sus op it Fryske plattelân, en kriget de namme 'Understream'.

De film wurdt regisearre troch Halbe Piter Claus. De film moat yn 2018 ferskine en wurdt dan mei live muzyk fertoand op ferskate Europeeske filmfestivals. De trailer fan de film is alfêst te besjen op de webside oer de film.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)