Swarte doaze foar operaasjes

01 jul 2010 - 14:09
  • Foto: Omrop Fryslân

Fryske sikehuzen reagearje ferdield oer de nije swarte doaze by operaasjes. In sikehûs yn Breda set dêr as earste yn Nederlân mei út ein. De swarte doaze leit petearen fan sjirurgen fêst en ek libbensfunksjes fan pasjinten lykas sykheljen, hertslach of bloeddruk. Sjirurgen soene leare kinne fan it nije systeem.

It sikehûs yn Snits wol it wol hawwe, Ljouwert tinkt dat it der net feiliger op wurdt. It Hearrenfean, Dokkum en Drachten witte it noch net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)