Swart sil mei jeugd skate

21 aug 2009 - 21:51
  • Jeugd fan Skier oan it skaten

Boargemaster Swart fan Skiermûntseach sil sneon mei de jeugd fan syn eilân nei Grins te skaten.

It inisjatyf foar dizze aktiviteit komt fan de boargemaster en is eins in "goedmakkerke" foar it feit dat der gjin skatebaan op it eilân komt. Yn 2007 brûkte de jeugd fan Skier it terrein by de wettertoer om te skaten, mar neidat der stekken pleatst wiene, koe dit net mear. De jeugd hat de gemeente frege om in echt skateparkje, mar dat is úteinlik net fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)