Swanneblom wint de Strontrace

27 okt 2010 - 07:23
  • De Swanneblom, winner fan de 37e Strontrace
  • Age Veldboom nimt der ien op

De 37e edysje fan de Strontrace is wûn troch de Swanneblom fan skipper Age Veldboom van Earnewâld. It like der lang op dat de Lutgerdina Smeltekop de race winne soe, mar dy fersylde har en ferspile dêrmei de winst.

Moandei binne de skippen starten yn Warkum om dêrnei non-stop nei Warmond te silen en werom nei Warkum. Troch de geunstige súdwestewyn koene de dielnimmers yn rekôrtiid de Iselmar oersile.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)