'Swalkers oppakke by froast'

10 jan 2003 - 00:00

Swalkers dy't by swiere froast bûtendoar libje, moatte troch de plysje fan strjitte helle wurde. Dat fynt direkteur Van Anken fan dakleaze-opfang De Terp yn Ljouwert. De plysje moat sels dyjingen dy't net wolle, fêstsette om't sy wilsûnbekwaam binne.

Fierder wol Van Anken dat de nachtopfang fan de Terp útwreide wurde moat mei tsien plakken. De gemeente stiet efter it plan en ropt op romtes yn de stêd beskikber te stellen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)