Swalker Han hat 'de kryst fan syn libben'

25 des 2014 - 16:06

Trije Ljouwerter studinten hawwe in swalker nei eigen sizzen 'de kryst fan syn libben' besoarge. Se hawwe Han yn 'e watten lein en dêr in filmke fan makke. Pieter Busman en Daan Crefcoeur dogge de oplieding media & entertainment yn Ljouwert. Tegearre mei Renzo Engwerda út Ljouwert hawwe se it kanaal Labratten foar eigen filmkes. Foar de kryst woene se ris wat oars dwaan en namen de dakleaze mei nei de kapper, kochten klean foar him en namen him mei út iten. De studinten wolle mei de aksje besykje de foaroardielen oer dakleazen by te stellen.

Se hawwe boppedat in aksje op tou set om jild byinoar te krijen foar Han en oare dakleazen.
Sjoch hjir foar it filmke.
Sjoch hjir de donaasje-aksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)