'Swakke skoalle: gau yngripe'

19 jan 2009 - 15:03

De ûnderwiisynspeksje moat tenei folle earder yngripe by skoallen dy't net goed prestearje. Ek soe de ynspeksje folle earder yngripe moatte by de boppeskoalse bestjoeren. Dat sei PvdA-Twadde Keamerlid Jeroen Dijsselbloem moandei yn Opsterlân.

Yn 2006 die bliken dat twatredde fan de iepenbiere skoallen dêr swak, of tige swak wie. De measte basisskoallen fan Opsterlân sitte no wer op nivo, mar dat hie earder kinnen as de ynspeksje earder yngrypt hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)