Swaddekuier hat wer lêst fan it waar

05 sep 2015 - 12:21

De achtste edysje fan de Swaddekuier yn Bûtenpost hat dit jier minder dielnimmers as foarige kearen. Dat hat ûnder oaren te krijen mei it minne waar. Der dogge no sa'n 600 kuierders mei, ferline jier wiene dat twa oant trije kear safolle. It evenemint is lykwols ek lytser fan opset. Der kin no mar ien dei rûn wurde, yn stee fan twa.

Eins soe de Swaddekuier al op sneon 4 july hâlden wurde, mar doe wie it boppe de 30 graden en koe it net trochgean. De kuierders kinne kiezen út rûtes oer 10, 20 of 40 kilometer.

De rûtes gean ûnder oare Kollumersweach, Noardburgum en Twizelerheide. In pear stikken fan de rûte binne sneon noch omlein, omdat de rûte troch it reinwetter min begeanber wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)