Swaab nije foarsitter Oerol

20 jan 2012 - 16:51

Els Swaab wurdt fan 26 jannewaris ôf de nije bestjoersfoarsitter fan Oerol. Se folget Kees van Twist op dy't de maksimale bestjoersperioade folmakke hat.

Swaab is advokaat en hat foarsitter west fan de Ried foar Kultuer. Se wie ferskate kearen as besiker op Oerol en rekke dêrtroch optein. Oerol hat neffens har as kultureel ûndernimmer in foarbyldfunksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)