SW-Fryslân wol mear toeristen

28 jun 2011 - 17:04
  • Warkum wol mear toeristen lûke

Der moatte mear toeristen nei Warkum en Starum ta komme. Dat fynt de gemeente Súdwest-Fryslân. De gemeente begjint dêrom mei it meitsjen fan ferskate masterplannen om de binnenstêden oan te pakken.

De kommende tiid sjocht de gemeente mei de middenstân fan beide stêden en de provinsje Fryslân wat der allegear dien wurde kin. De bedoeling is dat de plannen begjin takom jier klear binne. Dêrnei wurde der projekten betocht om de sintrums op te knappen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)