SW Fryslân: grut ferlies CDA

03 mrt 2011 - 00:14

It CDA is net langer de grutste partij yn it eardere CDA-bolwurk Súdwest Fryslân. It CDA ferlear 10,3% en kaam út op 21,4%. De PvdA bleau gelyk en is no mei 22% de grutste partij fan Súdwest Fryslân. De VVD wûn 3,5% en kaam út op 14,8%. De FNP ferlear in persint en kaam út op 11,1%.

Nijkommer PVV skoarde 8,2%. D66 wûn 2,8% en kaam út op 4,2%. SP en ChristenUnie ferlearen licht, GrienLinks wûn in bytsje. 50Plus helle oardel persint yn Súdwest Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)